Stijn Schaars fan SC Hearrenfean: "Ik kan spelen"

Stijn Schaars hopet nei 3,5 moanne blessuereleed syn rentree yn de basis te meitsjen yn de útwedstriid tsjin Vitesse. Ofrûne tiisdei tsjin Sparta hat de rûtinier foar it earst in healoerke meidien. "Ik moet nog even met de trainer overleggen, maar ik kan wel beginnen", sa seit Schaars. Trainer Jurgen Streppel is foarsichtich mei syn middenfjilder: "Ik ben heel blij dat hij terug is, maar het kan elke dag anders zijn. Laten we hopen dat hij de stijgende lijn te pakken heeft."
Jeremiah St. Juste is werom fan in skorsing, mar Streppel sil nei alle gedachten gjin wizigingen oanbringe yn fergeliking mei de wedstriid tsjin Sparta. Dat betsjut dat de Belch Wout Faes tegearre mei Joost van Aken it ferdigeningssintrum foarmet.
SC Hearrenfean spilet sneontejûn syn tredde wedstriid yn sân dagen. Vitesse is de nûmer fiif fan de earedifyzje en sa goed as wis fan de play-offs. Boppedat stiet de ploech út Arnhem yn de bekerfinale, wêryn't sy it opnimme tsjin AZ.
Ferwachte opstelling fan SC Hearrenfean: Mulder, Bijker, Van Aken, Faes, Marzo, Van Amersfoort, Kobayashi, Schaars (Thorsby), Larsson, Goochannejhad, Slagveer.