Súdwest-Fryslân bynt striid oan mei reuzebeareklau

07 apr 2017 - 11:34

De gemeente Súdwest-Fryslân bestriidt de reuzebeareklau sûnt dizze wike mei hyt wetter. Dat bart yn de Swettebosk yn Snits, fiif kear yn it jier. It giet om in proef. Meiwurkers fan Empatec stekke de plant dêrneist ek út by kuier- en fytspaden. Ein dit jier besjocht de gemeente as de bestriding mei hyt wetter trochset wurdt.

Yn Súdwest-Fryslân komt de reuzebeareklau op hûndert ferskate plakken foar. Wa't de plant oanrekket, kin ferwûningen oprinne dy't lykje op brânwûnen. Ut ien reuzebeareklau kinne tsientûzen nije ûntstean. De plant folslein útbanne, slagget net, mar de gemeente wol der wol foar soargje dat der net mear bykomme. Om dat te berikken wurde de planten ek meardere kearen yn it jier fuort meand. Boppedat rinne yn it Rasterhoffpark yn Snits skiep en Skotse heechlanners dy't de reuzebeareklau opfrette.

(advertinsje)
(advertinsje)