Wethâlder Braaksma (ABD) oerlibbet moasje fan ôfkarring

Pieter Braaksma, de fraksjefoarsitter fan Algemeen Belang Dongeradeel © Gemeente Dongeradeel
Wethâlder Pieter Braaksma fan Algemeen Belang Dongeradeel (ABD) hat tongersdeitejûn yn in ekstra riedsgearkomste in moasje fan ôfkarring oerlibbe. CDA, FNP en ABD stimden tsjin de moasje dy't yntsjinne wie troch de gemeenteriedsfraksjes fan Dongeradeel Sociaal, ChristenUnie, PvdA en VVD. Dêryn sprekke de partijen harren krityk út oer it feit dat der noch hieltyd gjin oerlis west hat mei saakkundigen oer it earmoedebelied. De ried trúnt dêr al jierren op oan. Der is no ôfpraat dat der yn de earstfolgjende sosjale kommisje praat wurdt oer it earmoedebelied.