"Resultaat aaiprikken dreech te mjitten yn pear jier"

07 apr 2017 - 11:14

Natuerbehearders dogge alle war om de guozzepopulaasje sa lyts mooglik te hâlden. Wiene der yn 2006 noch 10.000 skiere guozzen yn Fryslân, no binne dat der 37.000 en dêr ha de boeren in soad oerlêst fan. De fûgels binne sljocht op de earste sneed gers om’t der in soad aaiwiten ynsitte, mar dy is foar de boeren just hiel weardefol.

Aaiprikke is ien fan de metoaden dy’t It Fryske Gea tapast om minder guozzen te krijen. Der wurdt dan mei in spiker in gatsje yn de aaien prikt, sadat se net mear útbret wurde kinne. Dochs is it nut fan de metoade net dúdlik. “In goes kin wol 20 jier wurde en dus hiel wat lêchjes ha. Dêrtroch is it dreech om it resultaat ôf te mjitten yn in pear jier”, sa seit Ane Zijlstra fan It Fryske Gea. “Yn it ferline hie ik net tocht dat we dit dwaan soene, mar it oantal guozzen rint de spuigatten út.”

Foar Zijlstra is freed de lêste dei fan it aaiprikken yn de Lendefallei. “Der binne no ek bysûndere fûgelsoarten, sa as de reiddomp en de reade reager, dy’t harren tariede op it brieden en dy wolle wy net fersteure.”

(Advertinsje)
(Advertinsje)