Grutte brân by restaurant Trije Hûs yn Grou

07 apr 2017 - 10:48

Op dit stuit is der in grutte brân by restaurant Trije Hûs by Grou. It brânkearn soe yn it dak sitte. De brân soe ûntstien wêze by de ôfsûchkape. Personiel hat sels besocht de brân te blussen, mar dat slagge net. Der binne ferskate plysjeboaten en mobile pompen nei it eilân tastjoerd. Restaurantútbater en sjefkok René Vaartjes wurdt troch ambulânsepersoniel ûndersocht. Der binne fierder gjin minsken mear yn it gebou. De plysje ropt minsken op om it Leechlân frij te hâlden foar de helptsjinsten.

Restaurant Trije Hûs leit op in eillantsje oan it Prinses Margrietkanaal en de Trijehúster Sleat flak boppe Grou. It is populêr by toeristen en boatsjeminsken. It is de twadde hoarekabrân yn koarte tiid yn Grou. Ein febrewaris gie it Grouster Theehuis yn flammen op.

(Advertinsje)
(Advertinsje)