Stipe frege foar asylsikers

25 okt 2011 - 14:59
Foto: Omrop Fryslân

De Raad van Kerken Ljouwert trunet de gemeente Ljouwert oan om troch te gean mei de needhelp oan útprosedearre asylsikers dy't net werom kinne nei har heitelân. Dy groep komt faak op strjitte telâne of wurdt opfongen troch kunde.

De regels út Den Haach wurde neffens de Raad van Kerken sa streng, dat hieltyd mear útprosedearre asylsikers yn de problemen komme. De Raad van Kerken freget de gemeente Ljouwert no om dochs beheinde needhelp te jaan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)