Dedzjum iepenet earste naturistekamping fan Fryslân

07 apr 2017 - 09:47

Oer twa wiken kinne naturisten einlings harren tintsjes opsette op de earste kommersjele naturistekamping op Fryske grûn. Henk en Roely Westerhof út Dedzjum, dy't sels al fjirtich jier naturist binne, krigen faak fan oare naturisten te hearren dat se wol nei Fryslân op fakânsje wolle soenen, mar dat der gjin naturistekamping yn dy provinsje wie. "Reden foar ús om dêr feroaring yn te bringen. De ôfrûne moannen hawwe we hiel hurd wurke om alles hjir klear te krijen." Hjoed is de offisjele iepening fan de naturistekamping 'De Buorkerij' yn Dedzjum dêr't plak is foar fyftich tinten. De ynwenners fan Dedzjum en Arkum binne yn it foar al ris útnûge om by de naturistekamping op it hiem te sjen en fragen te stellen. "Eltsenien wie lokkich hiel posityf dat der wer ris wat aktiviteit yn Dedzjum is", fertelt Roely Westerhof.

"Naturistekamping hat neat mei seks te krijen"

Neffens har hinget der altyd in aparte sfear omhinne as minsken prate oer naturisten. "Guon tinke dat it mei seks te krijen hat, wylst dat just net sa is. Naturisten binne minsken dy't fan frijheid hâlde. Se wolle de sinne en de wyn fiele. Je fiele je frij as je gjin klean om je liif fiele. En it moaie is dat je sûnder klean gjin rangen of standen sjogge. Elts is gelyk en elts mei wêze wa't er is."

(Advertinsje)
(Advertinsje)