Hast 3400 hantekens foar petysje Domela Nieuwenhuis Museum

07 apr 2017 - 08:19

De mooglike sluting fan it Museum Heerenveen, en it Ferdinand Domela Nieuwenhuis Museum makket in soad los yn Nederlân. Dat docht wol bliken út it tal hantekens dat sa stadichoan al op de petysje foar it behâld fan de musea setten is. De stân stiet no op in krappe 3400. It gemeentebestjoer fan Hearrenfean is fan plan om de subsydzje foar de beide Feanster musea bot omleech te bringen. It budzjet dat dan oerbliuwt is neffens Museum Hearrenfean net genôch om iepen te bliuwen. It soe ek betsjutte dat de kolleksje fan it Domela Nieuwenhuis Museum út Fryslân ferdwine soe. En dat is dus foar in protte minsken in stap te fier.

Linda Trip fan it Domela Nieuwenhuis Museum is bliid mei de reaksjes út it hiele lân. "De reacties die we krijgen zijn hartverwarmend tot hele boze reacties, gelukkig niet op ons, maar ze zijn boos dat dit idee bij ons college heerst. Reacties komen uit heel Nederland, niet alleen uit de 'rode hoeken'. Het verhaal en de objecten van Domela Nieuwenhuis worden dus breed gedragen. We zijn dus niet alleen maar een lokaal museum, we hopen dat de steunbetuigingen dat onderstrepen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)