Kollum: "Hân yn hân"

07 apr 2017 - 08:30

"Wat ha we wat ôf filosofearre, hy en ik. Op syn keamerke yn De Harkema. Hy wie myn gay best friend op de middelbere skoalle. We neamden ússels Fokke Fokstra en Kekje Kekstra. Altyd healwiizje, en tagelyk wat swier op de hân.

Hy krekt wat te dik, want hy wie de jongste en syn mem smoarde him leafdefol mei iten. Wy neamden har stikem Antsje Anaconda. Se sette him twa kear deis waarm iten foar en die oeral boerebûter troch.

Hy learde my lústerjen nei klassike muzyk. En hy learde my mei oare eagen nei de dingen te sjen. En loslitte. Want hy wie altiten te let. Sieten we yn De Lawei te wachtsjen op kabaret fan de Vliegende Panters, Hans Teeuwen of ien oft oare superdrege dûnsfoarstelling, moast hy oer de stuollen hinne knoffelje omdat de ljochten al út wienen.

We wienen twa pubers, hân yn hân, op syk nei de sin fan it libben. Wat koenen we tegearre melangoalysk foar ús útstare op de sylboat fan ús mienskiplike freon. Twa pubers op syk nei de leafde. Wat koenen we tegearre dreame oer in leuke, betroubere feint.

By my gong de leafde in bytsje as fansels, der wiene mear jonges as tsjerken. Foar him lei dat oars. It hie al in hiele tiid duorre foar't er mei syn 'geaardheid' nei bûten doarde. Want alles wat frjemd wie, der wienen guon minsken bang foar. En dernei moasten je mar ris ien fine.

Ik ha in kear ferkearing krigen mei in jonge dy't hoi tsjin my sei as we elkoar op de fyts tsjinkamen. Hy seach dan altyd efkes om. Sa simpel kin it wêze yn de leafde. (Neidat er mei âld en nij de waskbak fol spuide, hie ik it gau besjoen). Mar sa simpel is it net foar eltsenien. Want fyn mar krekt dy oare only gay in the village. En as je dy dan fûn ha, moat it ek mar krekt ien wêze dêr't je fan hâlde kinne.

Ik hoop dat er in leave fint neist him hat. Ik wit it net, want we binne inoar út it each ferlern. Hy wennet al fyftjin jier yn it bûtenlân. Mar stel, hy hat al ien fûn en is hjir yn Nederlân op fakânsje. Dan moatte je der dochs net oan tinke dat sa'n leave fint in dreun kriget omdat er de hân fan syn feint beethâldt? Dat sa'n ûnskuldich gebeart fan leafde, oare minsken, dy't folslein frjemd binne, provosearret en slimmer, agresje by se útlokket? Dat oars wêzen ôfstraft wurde moat? Dit bart hieltiten faker yn Nederlân.

Ik kin der mei de holle net by. Ik wurd der tryst fan dat je hast in aktivist binne as je as homo de hân fan je 'geleafde' beet ha of him of har in tút jouwe. Dat je je saneamd 'gedeisd' hâlde moatte. Hâld dochs op man. Ik ha altyd tocht dat we troch de tiid hinne lytse bytsjes foarút emansipearren. Mar je kin blykber ek wer grauwe stappen efterút.

Yn de tiid dat ik mei him op stap gong yn Grins en Drachten, ha ik nea homohaat fernaam. En ik ha him er ek nea oer heard. Gelokkich net. Wy seinen wol altyd dat haters of pesters sels latint homo wiene. Net dapper genôch om yn it eigen hert te sjen. Wie it doe minder? Ik wit it earlik sein net. Want ik rûn dan miskien oan syn hân, mar net yn syn skuon."

Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tydskriften. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûnderet. Se is te folgjen op Twitter.

Trefwurden: 
De Toan fan Nynke Sietsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)