Easterwâlde spilet nei 40 jier wer basketbalkompetysje

06 apr 2017 - 22:40

In feestje tongersdeitejûn yn de sporthal fan Easterwâlde. Basketbalferiening DIO naam dêr twa nije basketbaltuorren yn gebrûk. Boppedat set de yn 2015 opnij oprjochte feriening yn septimber mei twa teams útein yn de kompetysje. Dat barde 40 jier lyn foar it lêst. Alle reden dus foar in feestje by de klup yn Easterwâlde. Sa wie der ûnder oare in clinic foar jong en âld fan âld-profbasketballer Henk Pieterse.

Trefwurden: 
Easterwâlde basketbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)