Aris ferliest fan Den Bosch en kin play-offs ferjitte

It seizoen foar Aris sit der op. De basketballers fan Aris hawwe tongersdeitejûn yn eigen hûs ferlern fan Den Bosch. Yn de lêste thúswedstriid fan it seizoen koe it team fan coach Klaas Stoppels it net oprêde tsjin de besikers: it waard 83-96. Sadwaande sit in plak by de play-offs der net yn foar de Ljouwerters.
It earste kwart einige noch frij spannend: 17-19. Dêrnei rûn Den Bosch nei it skoft út nei 50-72. Yn it lêste kwart kaam Aris noch goed tichterby, mar de Ljouwerter basketballers moasten de winst oan Den Bosch litte.
​It is noch mar de fraach of Aris folgjend seizoen wol wer op it heechste nivo spylje sil. Aris is troch it ophâlden fan Univé as haadsponsor noch altyd op syk nei in nije. As der gjin nije haadsponsor komt, is de kâns grut dat Aris net mear op it heechste nivo útkomme sil yn it nije seizoen. Dan komt der in ein oan trettjin seizoenen basketbal yn de earedifyzje.