Rotsterhaulster (21) frijsprutsen fan swiere mishanneling

(foto-ympresje) © Omrop Fryslân
In 21-jierrige ynwenner fan Rotsterhaule is tongersdei frijsprutsen fan poging ta swiere mishanneling. De plysjerjochter koe net krekt fêststelle oft de man it slachtoffer mei opsetsin ferwûne hie mei in glês. De fertochte hie op 30 oktober ferline jier besocht twa rûzjende manlju útinoar te heljen. Hy hie se dêrby fan inoar ôf treaun. Hjirby rekke de fertochte ien fan de manlju mei in glês yn it gesicht, dy rûn dêrby in bliedzjende wynbrau op. Tsjin de plysjerjochter sei er dat er op dat stuit net trochhie dat er in glês yn de hannen hie.
Tsjûgen fan de kant fan de fertochte koene syn ferhaal befêstigje, wylst tsjûgen fan de slachtoffer telefoanysk oanjûn hiene dat de fertochte mei in glês slein hie. Om mishanneling te bewizen, moat neffens de wet opsetsin oantoand wurde kinne. Dat koe hjir net, dêrom is de man frijsprutsen.