Auto te wetter nei botsing yn Dokkum

© De Vries Media
By in ûngelok op in krusing yn Dokkum is tongersdeitejûn in auto yn it wetter fan de Strobosser Trekfeart telâne kaam. It ûngelok barde op de krusing fan de Hegediken en de Strobosserwei. Dêr kamen twa auto's mei-inoar yn botsing. Hoe' it ûngelok krekt barre koe, is noch net bekend. Twa ambulânses waarden oproppen om help te bieden oan de ynsittenden. It is net bekend hoe't it krekt mei har giet.
Foar beide auto's is in berger ûnderweis. Ek in dûkteam waard oproppen, mar dy wie net nedich. De brânwacht fan Dokkum is útriden om help te ferlienen. De krusing is op it stuit ôfset troch de plysje.