Man út Gerkeskleaster keapet stellen oanhinger: wurkstraf

06 apr 2017 - 19:29
Foto: ANP

It oanbod wie eins te moai om wier te wêzen: in oanhingwein mei acht skuttingplanken foar 100 euro. En úteinlik wie it ek net in goede deal. In 29-jierrige ynwenner fan Gerkeskleaster dy't de wein kocht hie, krige fan de rjochter tongersdei dan ek in wurkstraf fan 30 oeren. De oanhingwein wie stellen. Neffens de rjochter hie de priis de fertochte warskôgje moatten dat it net om in frisse deal gie.

Ek de offisier fan justysje fûn dat de man like skuldich wie as de persoan dy't de wein stellen hie. De oanhingwein wie yn Hurdegaryp stellen. De fertochte woe net sizze fan wa't er de karre kocht hie. Hy wie mei dyjinge oerien kaam dat er de 100 euro weromkrije soe as er gjin namme neame soe. De fertochte hat him oan syn wurd hâlden.

(advertinsje)
(advertinsje)