FIDEO: Mei de learzens oan troch sompegebiet De Houtwiel

06 apr 2017 - 19:00

De Houtwiel is in sompegebiet tusken De Falom, De Westereen en Feanwâlden. It is in toplokaasje foar sompebewenners lykas de otter, de reiddomp en fansels skiere guozzen. Foar it fêste natuerûnderdiel 'De Stille Genieter' yn Fryslân Hjoed portretearren wy it gebiet yn it spoar fan boskwachter Jacob Hanenburg fan Steatsboskbehear. Hy komt der al sûnt syn jonge jierren. Earst doe't it noch in greidefûgelgebiet wie en no wer, mar dan mei learzens oan. Sa komme wy ûnder oare op in plak dêr't wer nij fean ûntstiet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)