FIDEO: Rin-robot lit Rienk wer rinne

In bysûndere dei foar de 24-jierige Rienk Rozema út De Falom. Foarich jier rekke hy ferlamme troch in auto-ûngelok en kin er net mear rinne. Fan it midden fan syn lichem fielt Rienk neat mear en sit er yn in rolstoel. Dêr kaam tongersdei feroaring yn. Syn freondinne hie syn grutte winsk, wer ris in kear rinne, ynstjoerd nei Sport Fryslân yn it ramt fan ‘Laat je niet beperken’. Dat is in inisjatyf fan Sport Fryslân en alle Fryske gemeenten om de sportwinsk fan minsken mei in beheining yn ferfolling gean te litten.
Robot
Mei help fan in spesjale 'rin-robot’ waard de winsk fan Rienk om noch ris te rinnen tongersdei werklikheid. De rin-robot is in apparaat dy’t de folsleine rinfunksje fan it lichem neidwaan kin. Revalidatie Friesland stelde harren robot beskikber foar de winsk.
''It fielt hiel gek''
Foar Rienk sels fielt it hiel bysûnder: ''It fielt hiel gek, mar eins is it hiel normaal. Ik bin 23 jier wend dat ik gewoan rinne koe, en no haw ik in jier net rûn. It fielt gewoan net as heart it sa.”