Gearkomste fan alle WTC's yn 2018 yn Ljouwert

06 apr 2017 - 15:38

De jiergearkomste fan alle WTC's oer de hiele wrâld is takom jier yn Ljouwert. It giet dan om de saneamde General Assembly. Dizze wike wie dizze gearkomste yn Las Vegas, dêr krige wethâlder Deinum fan de gemeente Ljouwert de baton (it symboalyske stokje) oerdroegen en koe Ljouwert him alfêst even koart presintearje. By sa'n WTC-ledegearkomste komme sa'n 400 minsken út de hiele wrâld. It jout bedriuwen de mooglikheid om harren te presintearjen.

WTC Ljouwert organisearret de gearkomste mei alle oare WTC's yn Nederlân. Underdiel fan it programma is in grut ynternasjonaal kongres. Wethâlder Deinum sjocht folop kânsen foar it bedriuwslibben yn Ljouwert, Fryslân en Noard-Nederlân. "De General Assembly jout tagong ta in saaklik netwurk oer de hiele wrâld. It netwurk hat sa'n 800.000 leden yn 90 lannen. It noardlik bedriuwslibben wurket oan ynnovative oplossings foar maatskiplike útdagingen, lykas skjin drinkwetter en in duorsume itensfoarsjenning. De General Assembly is dè mooglikheid om moaie foarbylden út ús stêd en region sjen te litten."

2018 is ek it jier fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa. It is ien fan de redenen foar de wrâld-WTC-organisaasje om nei Ljouwert te kommen. Foar de dielnimmers en harren partners wurdt in programma mei in soad fariaasje opsteld.

By de byienkomst yn Las Vegas wiene de leden hiel entûsjast oer de presintaasje fan Ljouwert en in soad fertsjintwurdigers hawwe oanjûn dat se takom jier mei in delegaasje nei Ljouwert komme.

Trefwurden: 
WTC Ljouwert General Assembly
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)