Wurkstraf foar Ljouwerter (29) foar rol by oplichting

06 apr 2017 - 15:26
Google sykmasine - Foto: Omrop Fryslân

In 29-jierrige frou út Ljouwert is foar har rol by oplichting feroardiele ta 80 oeren wurkstraf ûnder betingst. De frou hie har bankrekkennûmer beskikber steld oan in ynternetoplichter. Dy 28-jierrige man út Utrecht ferkocht ynterne mobile telefoans, iPads en spultsjekompjûters. As de minsken betelle hiene, wiene se harren jild kwyt en it guod waard net levere. It jild waard stoarten op de rekken fan de frou út Ljouwert, as beleanning krige se in part fan de winst. Op dizze wize besocht se har skulden fuort te wurkjen. De plysje kaam har op it spoar fia it Meldpunt Internetfraude.

De saak spile yn 2012. By de strafmaat hold de rjochtbank hjir rekken mei. In taakstraf sûnder betingsten fûn de rjochtbank dêrom net passend. De frou moat oan twa dupearren goed 250 euro betelje. Neffens de rjochtbank hat se 1.131 euro oerhâlden oan it beskikber stellen fan har bankrekken. Dat jild moat se oan de steat werombetelje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)