UPDATE: Stroomsteuring yn Harns oplost

06 apr 2017 - 15:16
Liander - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

In diel fan Harns siet tongersdeitemiddei in skoft sûnder stroom. Dat kaam omdat by graafwurk in kabel rekke waard. Netwerkbehearder Liander hie in monteur nei Harns stjoerd.

Yn earste ynstânsje tocht it bedriuw om in oere as kertier oer fjouweren it probleem oplost te hawwen. Om healve fjouweren hinne wie de steuring oplost. Neffens Liander sieten goed 600 huzen sûnder stroom.

Trefwurden: 
Harns stroomsteuring Liander
(Advertinsje)
(Advertinsje)