FIDEO: Keamerlid Theo Hiddema praat Frysk yn Twadde Keamer

06 apr 2017 - 14:41
Theo Hiddema - Foto: ANP

Twadde Keamerlid Theo Hiddema fan Forum voor Democratie hat in part fan syn debúttaspraak as Keamerlid yn it Frysk dien. De advokaat, berne by Holwert mar wenjend yn Limboarch, sitearre oan it begjin fan syn speech oer diskriminaasje en rasisme yn Nederlân it Frysk folksliet: "Frysk bloed tsjoch op, wol no ris brûze en siede."

Hiddema kearde him yn syn taspraak tsjin de Nederlânske kleikultuer. Hy sleat syn betooch ôf mei in advys oan alle minsken: "Doch dyn plicht en lit de lju rabje."

Hiddema krige fjouwer minuten de tiid foar syn taspraak, mar wie úteinlik goed acht minuten oan it wurd. Keamerfoarsitter Khadija Arib fûn it net slim.

(Advertinsje)
(Advertinsje)