Elfwegentocht: Bern wize it paad nei duorsumens

06 apr 2017 - 14:06

Fryslân moat yn de earste wiken fan july kommend jier fossylfrij wêze. Twa wiken lang net ride mei de auto, mar mei it iepenbier ferfier. Dat is de oprop fan Ljouwerter skoalbern op it Aldehoustertsjerkhôf. Dy joegen tongersdeitemiddei it startsein fan de Elfwegentocht, in projekt fan Kulturele Haadstêd 2018 en de Freonen Fan FossylFrij Fryslân. 

De skoalbern fan de LSV hawwe op it plein in dyk makke en in grut spandoek ophongen om Friezen oan te setten om duorsume enerzjy te brûken.

Trefwurden: 
Elfwegentocht Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)