Menameradiel siket keaper foar Berltsumer bibleteek

06 apr 2017 - 13:35

De gemeente Menameradiel is op syk nei minsken dy't it eardere biblioteekgebou oan de Hofsleane yn Berltsum keapje wolle en der in goed plan foar hawwe. Der binne meardere funksjes mooglik, seit de gemeente. It giet dan bygelyks om in kantoarfunksje yn kombinaasje mei wenjen.

Mooglik moat it bestimmingsplan oanpast wurde. Belangstellenden kinne har oant en mei 31 maaie melde by de gemeente Menameradiel. Dy bepaalt oft der in goed plan èn in goed bod leit. 

Trefwurden: 
bibleteek Berltsum
(advertinsje)
(advertinsje)