Asfalt-takel by Lauwersmar opnij mislearre

06 apr 2017 - 13:27

It is It Wetterskip foar de twadde kear net slagge in stik asfalt fan 8 meter út de Lauwersmardyk te heljen. It asfalt oan de Lauwersmardyk foldocht net mear oan de feilichheidseasken fan it lanlike Hoogwaterbeschermingsprogramma.

It Wetterskip wol dêrom ûndersykje wat foar ympakt de seegolven hawwe op de dyk. Wichtich is dat se dêrfoar ien stik asfalt fan 8 meter út de dyk helje. Oars kinne se mar dreech sjen wat de ympakt is fan de Waadseegolven.

Gemysk anker

In moanne lyn slagge it net. Woansdei brûkte it Wetterskip in oare metoade om de strook asfalt út de dyk te heljen. Mei help fan gemyske ankers, dy't se op tsien plakken yn it asfalt slein hiene, hopen se it stik asfalt yn ien gehiel op te tillen en op in frachtwein te lizzen. Dat slagge net.

Tekentafel

"We moeten nu terug naar de tekentafel om te kijken waar het mis is gegaan en hoe we dit kunnen oplossen", sa sei Jan Hateboer, projektlieder fan it Wetterskip.

(Advertinsje)
(Advertinsje)