Sipke Hulshoff: "NAC is yn topfoarm"

06 apr 2017 - 12:57

"NAC Breda is yn topfoarm." Dat sei Cambuur trainer Sipke Hulshoff tongersdeitemiddei nei de lêste training fan syn ploech foar de drege útwedstriid tsjin NAC Breda freed. Ek Cambuur sit yn in goeie faze en dus is de wedstriid tusken beide ploegen in topwedstriid. Sawol NAC Breda as Cambuur hat 56 punten út 32 wedstriden en sy stean dêrmei beide yn de top sân.

Opstelling

Hulshoff woe de opstelling fan syn ploech noch net bekend meitsje, mar it liket derop dat Cambuur yn deselde opstelling begjinne sil as ôfrûne freed tsjin FC Emmen. Dat betsjut dat Sander van de Streek wer yn de spits stiet en dat Martijn Barto wer op de bank begjint en dat de Ljouwerters spylje sille yn in 4-3-3 formaasje.

Kontrakt Hulshoff

Hulshoff is noch altyd yn petear mei Cambuur oer syn eigen sportive takomst. "It giet om de lêste loadsjes; it sil hjoed of moarn wol bekend wurde" sa sei hy. De ferwachting is dat it kontrakt fan Hulshoff by Cambuur wol ferlinge wurde sil. Net dúdlik is oft der noch in haadtrainer by komt of dat Hulshoff sels de haadtrainer fan de Ljouwerter klup wurdt.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)