De kaamsalamander docht it goed yn Fryslân

It giet noch altyd goed mei de kaamsalamanders yn Fryslân. Der binne dit jier 374 salamanders by Noardwâlde oer de Oosterveldseweg by Noardwâlde setten. Dat wie it heechste oantal sûnt 2010. Dit is de iennischte populaasje fan dizze bistesoart yn ús provinsje en it liket der op dat se allegear feilich oersetten binne. De bisten gean allegear fanút de Pastorybosk nei de oare kant fan de dyk om dêr te pearjen.
Bysûnder is ek dat der no foar de twadde jier op rige yn Noardwâlde de 'alpenwatersalamander' fûn is. Ferline gong it om 28, no wiene der 20. De lytse wettersalamander docht it mei 329 stiks ek noch goed. Yn Noardwâlde falt dêrneist de opkomst fan de brune kikkert op, dêrfan binne der dit jier 714 oersetten. Opfallend wie ek it oantal podden, earder nea mear as 100, dit jier 192. Mooglik komt dat troch de kap fan in part fan de beammen oan de Oosterveldseweg. Dêrtroch is no in iepen en wiet terrein ûntstien.
Mei-elkoar binne fan 13 febrewaris ôf yn Noardwâlde 1761 bisten fan achter it skerm de dyk oersetten, it heechste oantal oant no ta. Hielendal suver binne de sifers lykwols net altyd, want soms binne de bisten by feroarjende waarsomstannichheden de helpferlieners ek wolris te fluch ôf.