Grutte drokte by it Frysk Filmargyf

06 apr 2017 - 12:22

It Frysk Filmargyf hat it smoardrok mei it digitaal bewarjen fan âlde films. Der dûke benammen de lêste tiid in soad unike bylden op. Dy wurde nei Brussel brocht dêr't se digitalisearre wurde. Om't der safolle pearels tusken sitte, sil it Filmargyf se sjen litte oan it grutte publyk yn filmhûs Slieker yn Ljouwert. Kommende moandei wurdt de earste film toand.

Tongersdei yn Fryslân Hjoed in wiidweidich petear oer de âlde films mei Hans Groeneweg fan it Verzetsmuseum en mear unike bylden út de Twadde Wrâldoarloch.

Trefwurden: 
Frysk Filmargyf film Slieker
(Advertinsje)
(Advertinsje)