Grut Frysk diktee troch 600 minsken thús meiskreaun

06 apr 2017 - 12:11

Der hawwe goed 600 minsken thús meidien oan it Grut Frysk Diktee. Minsken koene dit jier thús fia laptop of tablet it diktee meitsje en ynstjoere, se krigen dan fuortendaliks berjocht hoe't se it makke hiene.

Neffens Sito Wijngaarden fan de AFUK wie it diktee fan 2017 tagonkliker en makliker as eardere edysjes. Grutste stroffelstiennen wiene wurden lykas 'hoasbannen', 'wilewaarlich' en 'ferlernens'. Mar omdat it wat makliker wie, waarden guon minsken ek wat sloardich en dat soarge dan ek wer foar flaters. Minsken dy't dat wolle kinne it diktee noch hieltyd fia ynternet meitsje en ynstjoere.

Lieske Salverda (64 jier) út Gytsjerk wûn de edysje fan it Grut Frysk Diktee 2017. Fan de 35 dielnimmers dy’t harren kwalifisearre hiene, kaam sy mei 7,5 flaters as bêste út de bus. De earste priis bestiet út in 'Gouden dakje' en in pinne mei ynskripsje. Twadde wie Agatha Hijlkema mei 8 flaters en op plak trije stiene trije minsken mei allegear 8,5 flaters: Freerk Postmus, Grytsje Kingma en Rikele Hollema.

Trefwurden: 
Grut Frysk Diktee online
(Advertinsje)
(Advertinsje)