Nije boargemaster Skier moat boechbyld en ferbiner wêze

06 apr 2017 - 11:48
Skiermûntseach - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

De nije boargemaster fan Skiermûntseach moat it boechbyld fan de gemeente wêze en wurkje as in ferbiner en boargerfaar. Dat stiet yn de profylskets dy't de ried woansdei fêststeld hat. De gemeenteried fynt ek dat de nije boargemaster benaderber en ynfielend wêze moat en in antenne ha moat foar drege politike ferhâldingen. Ek moat hy of sy affiniteit ha mei Skiermûntseach as Nationaal Park.

Sinjalen oppikke

De boargemaster hoecht gjin lid te wêzen fan in lanlike politike partij. Wol moat er sinjalen út de lokale mienskip goed oppikke, omdat dy op in eilân in gruttere rol spylje yn it sosjale ferkear.

Jongerein

De boargemaster moat nei Skiermûntseach komme om te wenjen. Fierder is it wichtich dat de jongeren by de polityk belutsen wurde. De nije boargemaster moat dat op entûsjaste wize dwaan, skriuwt de gemeenteried.

(Advertinsje)
(Advertinsje)