Jonges fan 10 en 13 helpe de plysje in dief op te pakken

06 apr 2017 - 11:29
Foto: ANP

Twa jonges fan 10 en 13 jier hawwe de plysje fan Drachten woansdei holpen om in dief oan te hâlden. De fertochte hie yn in winkel op de Dwerswyk de tas fan in 78-jierrige frou út de winkelwein stellen. Omstanners bellen 112, mar de beide jonges gongen achter de dief oan en bellen ûnderweis ek 112. Sa koene se trochjaan dat de fertochte in hûs oan de Zwaluwstaart yngien wie.

De plysje fûn dêr yndied de stellen tas. De 17-jierrige fertochte is oanhâlden en de tas is weromjûn oan de frou. De fertochte hie de beurs en it jild derúthelle, mar ek dat hat de frou weromkrigen.

Trefwurden: 
stellerij Drachten Dwerswyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)