Nije fearboaten Doeksen earje Fryske ûntdekkingsreizgers

06 apr 2017 - 11:22
Ien fan de nije fearboaten fan Doeksen - Foto: Rederij Doeksen

De nammen fan de nije fearboaten fan Rederij Doeksen binne bekend. Hull 387 en 388 sille 'Willem Barentsz' en 'Willem de Vlamingh' as namme krije. De skippen farre fan takom jier ôf op de Waadsee. Doeksen wol mei de ferneaming fan twa ûntdekkingsreizgers de bân mei sawol Skylge as Flylân ûnderstreekje.

Minsken koene in namme ynstjoere en dêrop kamen mear as twatûzen reaksjes binnen. Under de ynstjoerders wurdt noch in priis ferlotte, in hotelbon mei in wearde fan 250 euro.

Pioniers

Doeksen-direkteur Paul Melles: "De naam Willem Barentsz was één van de toppers uit de lijst inzendingen. Hij kwam maar liefst 27 maal voor, ongekend! We hebben dit zeker laten meewegen. De link naar het allereerste schip van Rederij Doeksen, de Willem Barendsz uit 1908, woog eveneens zwaar mee. En Barentsz, die op Terschelling werd geboren, was natuurlijk een echte pionier, net als zijn collega Willem de Vlamingh. Zijn standbeeld staat aan de haven op Vlieland, waar hij uitkijkt over zee en de veerboten ziet aankomen."

Barentsz

Willem Barentsz (Formearum Skylge, 1550 - 1597) wie in Nederlânske seefarder en ûntdekkingsreizger en poalûndersiker dy't reizen makke om de Noardeastlike Trochfeart te finen, wêrby't hy de kusten fan Nova Zembla ferkende en Bereneilân en Spitsbergen ûntduts.

De Vlamingh

Willem de Vlamingh (East-Flylân, 1640 - 1698) wie in Nederlânske seeman en ûntdekkingsreizger, dy't hast alle wrâldseeën befearn hat. Hy brocht grutte parten fan de Westaustralyske kust yn kaart.

(Advertinsje)
(Advertinsje)