Hearrenfeanse polityk komt op foar Museum Heerenveen

06 apr 2017 - 10:49
Foto: Google Streetview

Ferskate politike partijen yn de gemeenteried fan Hearrenfean komme yn aksje om de takomst fan Museum Heerenveen en dêrmei de kolleksje fan it Ferdinand Domela Nieuwenhuis museum feilich te stellen. De PvdA wol struktureel 125.000 euro ekstra útlûke foar kultuer. Dêrmei kin Museum Heerenveen fierder, seit de partij. De PvdA wol ek mear jild foar it Museum Belvédère, it Oranjewoud Festival en de amateurkeunst.

It kolleezje fan b. en w. wol 65.000 euro besunigje op de subsydzje foar it Museum Heerenveen. Dat hâldt dan in jierliks budzjet oer fan 100.000 euro. Dat is te min om Museum Heerenveen yn stân hâlde te kinnen, seit it bestjoer. Omdat it Domela Nieuwenhuis museum ûnderdiel is fan it Museum Heerenveen, driget dat ek te ferdwinen.

De FNP-fraksje wol dat foarkomme. De partij tsjinnet hjirfoar moandei by de behanneling fan de kultuernota in amendemint yn. Salang't der gjin oplossing fûn is foar it behâld fan de kolleksje fan it museum, mei der net besunige wurde op de subydzje, fynt de FNP. Yn dy perioade moat Museum Heerenveen de kâns krije om nije plannen te meitsjen om mear besikers te lûken. De PvdA fynt dat it Museum Heerenveen de omslach meitsje moat nei in nije foarm, dy't mear by dizze tiid past.

(Advertinsje)
(Advertinsje)