Beyers Naudé-lêzing fan Adriaan van Dis giet net troch

06 apr 2017 - 10:26

De Beyers Naudé-lêzing dy't tongersdei hâlden wurde soe troch skriuwer Adriaan van Dis giet net troch. De sprekker hat him fanwege sykte ôfmelden. De skriuwer wie troch it kristlik gymnasium Beyers Naudé útnûge om te sprekken yn de Menniste tsjerke yn Ljouwert. It soe de 20e Beyers Naudé-lêzing wurde yn de skiednis fan it gymnasium.

Foar de sprekbeurt wiene yntusken al 200 kaarten ferkocht. Dy kaarten bliuwe jildich want de skoallieding hopet dat Van Dis ynkoarten dochs nei Ljouwert komme kin.

(advertinsje)
(advertinsje)