"Der moat in swimbad bliuwe yn Bûtenpost"

06 apr 2017 - 10:22

Der moat in swimbad bliuwe yn Bûtenpost. Mar hoe en wat, dêr binne de doarpsbewenners it noch net oer iens. Dy konklúzje waard woansdeitejûn lutsen op in foarumjûn oer de takomst fan swimbad De Kûpe. De jûn waard organisearre troch pleatslik belang en wie bedoeld om fan de oanwêzigen te hearren wat sy graach wolle. It fuortbestean fan it swimbad stiet ûnder druk.

Marian Rigter, foarsitter fan pleatslik belang Bûtenpost, fûn de foarumjûn nuttich. Se hawwe neffens har in goed petear hân en se is bliid dat der ien konklúzje lutsen is: "Er moet eerst maar eens een zwembad komen, dan kunnen andere plannen langzaam ontwikkeld worden en toegevoegd worden."

In oantal politike partijen út Achtkarspelen wie ek oanwêzich, mar woe him net útsprekke oer de takomst fan it swimbad. De ferskate belutsen partijen sille ynkoarten byelkoar komme om te praten oer De Kûpe.

(advertinsje)
(advertinsje)