Kollum: "Anty-homo"

"Ofrûne wykein waard in homostel yn Arnhem oanfallen om’t se hân yn hân rûnen.
Elke kear wannear't der wer in gefal fan anty-homogeweld is, dan bart presys itselde: de diskusjes giet nei trije dagen allinnich noch mar oer hoe’t it allegearre de skuld is fan de Marokkanen.
Lit ik foarop stelle dat ik gjin inkelde behoefte fiel om minsken dy’t homo’s yninoar slaan te ferdigenjen. It is wat my oanbelanget allegearre dom túch. Se slaan op homo’s om’t se dan tinke stoer te wêzen; se jouwe ôf op homo’s om’t se tinke manlik te wêzen. Echte mannen ha dat net nedich. Sneue sipels.
De twa jonges út Arnhem dy’t mei in betonskjirre slein waarden, sizze dat de dieders Marokkaans binne. Dat kin, want Marokkanen binnen oerfertsjinwurdige yn de statistyk fan fertochten fan anty-homogeweld. Sechstjin komma seis prosint. Ik kin de sifers út myn holle, en ik wit ek dat 62 persint fan de fertochten fan anty-homogeweld de Nederlânske, en allinnich de Nederlânse nasjonaliteit hat. Fierwei de measte oanfallers fan homo’s binne autochtoan.
Nederlân stiet boppe-oan yn de list fan Europeeske lannen wannear't it oer homo-akseptaasje giet. Mar wannear't it SCP trochfreget, fynt in tredde hjir it letterlik walchlik wannear't twa manlju inoar in tút jouwe. De fraach is hoe tolerant oft Nederlanners no werklik binne. We swaaie graach mei ús fingerke nei oaren en we fiele ús hiel goed; wolle it net witte. Bygelyks Thierry Baudet, Twadde Keamerlid foar Forum voor Democratie.
“De intolerantie ten aanzien van homo’s is gewoon een probleem voor heel veel moslimjongeren.” Thierry Baudet op NPO Radio 1.
En ja, dêr is in probleem. Mar der is in folle fûneminteler probleem, en foardat we nei in oar wize, moatte we miskien earst ris nei ússels sjen.
“Als je veertien bent en je weet dat je homo bent, dan ben je klaar met voetbal. Dan ga je in het weekend in een kapperszaak werken!” Rene van der Gijp yn VI.
Grapke, moat kinne dochs. Nee, kin net. Terjochte krige René van der Gijp oer dizze opmerking de wyn fan foaren fan alle homo’s. Sa goed giet it net mei de homo’s - út alle sifers blykt dat se psychysk en lichaamlik minder sûn binne as hetero’s, en dat komt troch pleagerijen sa as dit, jierrenlang, en soms gruttere ellinde.
In maat fan my stiet wolris lâns de line by fuotbal, en hy seit dat it net bêst is, hoe faak as dêr ‘homo’ roppen wurdt wannear't ien eat net goed docht. Foardat fuotbalkommentatoaren saneamde grapkes meitsje kinne oer dit ûnderwerp, moatte se dochs echt dêr earst wat oan dien hawwe.
Homo. Flikker. Mietje. Gay. Ik wol it net mear heare, as skeldwurd. Bêste âlden fan Fryslân, pakes en beppes, buormannen en buorfroulju, lear jimme bern dat elkenien gelyk is. In Fries is net minder as in Hollanner, en in homo is net minder as in hetero.
En hoe earder we de jongerein sjen litte dat homo’s hiel normaal binne, hoe better. Fjouwer oant sân prosint fan de minsken is homo, lesbysk of bi. Dat betsjut dat der yn alle skoalklassen wol ien of twa sitte. Der is gjin inkelde reden om it dizze minsken lestich te meitsjen yn it libben. Se dogge de oar neat. Se wolle allinnich rêstich en ûnbesoarge hân yn hân rinne kinne, wannear't se fan inoar hâlde."
Botte Jellema is freelance sjoernalist en wurket foar ferskate omroppen op Radio 1 en foar Omrop Fryslân. Hy komt út Loaiïngea en wennet yn Amsterdam. De kollums fan Botte gean oer wat hy meimakket en wat him fernuveret yn it deistich libben en yn de media. Hy is te folgjen op Twitter.