Fjouwer ton foar earme bern Súdwest-Fryslân

06 apr 2017 - 07:55

De gemeente Súdwest-Fryslân is op syk nei gesinnen mei in leech ynkommen en nei bern út gesinnen dy't net in soad jild hawwe. Sy wolle graach yn petear gean mei dizze minsken. De gemeente hat fan it regear 400.000 euro krigen om spesifyk oan dizze groep te besteden. It jild wurdt yn oerlis mei dizze groep útjûn oan saken dy't sy belangryk fine. It is de bedoeling dat de gesinnen en bern by de gesprekken oanjouwe wat harren ideeën binne.

Neffens wethâlder Stella van Gent meie de gesinnen en de bern by de petearen oeral oer meiprate: "Wij kunnen allemaal slimme dingen bedenken achter ons bureau en in het gemeentehuis, maar laten we het eens aan de deskundigen zelf vragen. Dat zijn de mensen die ermee te maken hebben en met name de kinderen die minder geld te besteden hebben."

De petearen fine plak yn lytse groepen fan maksimaal tsien persoanen.

Trefwurden: 
Súdwest-Fryslân earmoede
(Advertinsje)
(Advertinsje)