Sportferienings hawwe slim tekoart oan frijwilligers

Trijekwart fan de Fryske sportferienings is op syk nei frijwilligers. By in grut part dêrfan is de need sa heech dat de takomst fan de klup op it spul stiet. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Fries Sociaal Planbureau tegearre mei Sport Fryslân. Oan it ûndersyk hawwe hast 300 sportferienings meidien.
Opfallend is it grut ferlet oan frijwilligers op de Waadeilannen. Yn Noardwest-Fryslân lykwols hawwe de measte sportferienings genôch minsken dy't harren frije tiid yn de klup stekke wolle.
Persoanlik
Neffens de ûndersikers moatte ferienings potinsjele frijwilligers persoanlik benaderje om se oer de streek te lûken. Efkes in oprop yn in klupblêd, dat helpt net.
Ek de saneamde Open Club Gedachte soe in oplossing wêze kinne. Dêrby wurdt de sportakkommodaasje foar mear dingen brûkt as de sport allinne, bygelyks berne-opfang.