Blommesektor sjocht Brexit net fleurich yn

05 apr 2017 - 20:16
  • Henk van Ginkel fan de Feriening fan Blommefeilingen yn Nederlân

Njonken de fiskerij is ek de Nederlânske blommesektor tige besoarge oer de gefolgen fan Brexit. Nederlân eksportearret op dit stuit alle jierren foar 1,2 miljard euro oan blommen, planten en blombollen nei Ingelân. As der nei de Brexit ekstra kosten komme foar dûane en ymportheffingen, dan komt dy eksport fuortendaliks yn gefaar en dat hat dan fansels ek gefolgen foar de Fryske blommekwekers.

Omdat Nederlân it iennichste lân is dat safolle blommen en blombollen eksportearret, sil de Europeeske Uny him nei alle gedachten net al te folle ynspanne foar dizze sektor. Henk van Ginkel fan de Feriening fan Blommefeilingen yn Nederlân wol dêrom dat de Nederlânske polityk yn aksje komt om de blomme-eksport nei Ingelân te rêden. 

De útfier nei Grut-Brittannië kin ek yn gefaar komme op it momint dat it lân mei hiel oare regels foar blommen en planten komt. Elke kosteferheging hat neffens Van Ginkel in negatyf effekt op de omset. As blommen djoerder wurde, wurde der fuortendaliks minder fan ferkocht. Sjoch ek ús Europablog. 

(advertinsje)