Stel krijt wurkstraf foar ferfalskjen bankôfskrift

05 apr 2017 - 17:39

In man en in frou út Dokkum moatte beiden hûndert oeren wurkstraf dwaan fanwege oplichting. De twa besochten ferline jier in liening te krijen. Dêrfoar ferfalsken se in bankôfskrift sadat it like dat de frou in folle heger salaris hie. Se diene dat neidat it net slagge om op legale wize oan de liening te kommen. De twa waarden betrape troch in bankmeiwurker, dy't seach dat yn it ferfalske bedrach in punt ferkeard stie. Omdat beiden spyt hienen, krigen se fan de rjochter hûndert oeren wurkstraf oplein wylst der 140 oeren easke wie.

(advertinsje)