Ingelske media ek op syk nei skriuwster flessepost Flylân

05 apr 2017 - 17:31
Foto: Twitter

“A message in a bottle thrown out to sea by a little girl from Sheppey 20 years ago has finally washed up to shore – in The Netherlands.” 

Net allinnich de boskwachter fan Flylân siket nei Susie Hampton út Minster, ek de Ingelske media sykje mei nei de no 30-jierige skriuwster. Tiisdei waard op Flylân flessepost fûn mei dêryn in hast 20 jier âld briefke.  

Op it briefke stiet dat de doe 10-jierige Susie Hampton it fleske op 25 augustus 1997 yn it wetter smiten hat. It fleske kaam wer boppe driuwen by in skjinmakaksje op it strân fan Flylân. De lokale nijssite Kentonline fan it graafskip Kent hat in oprop dien op de webside en social media. Dêryn wurdt frege nei minsken dy’t Susie Hampton kenne en witte wêr’t sy no wennet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)