Yn watfoar cd-bak heart Ede Staal?

05 apr 2017 - 17:30
Foto: Omrop Fryslân

In grutte webwinkel wit it ferskil net tusken de Fryske taal en it Grinzer dialekt. De cd's fan de Grinzer sjonger Ede Staal wurde dêr omskreaun as 'Frysk'. Mar 'Mien Toentje' is dochs ek gjin Frysk en wol Grunnegers. In oplettende keaper tipte de kollega's fan RTV Noord oer de flater. "Heet Ede Staal straks Yde Stiel?", freget de Grinzer redaksje him ôf.

Dochs hat Ede Staal ek wol wat mei it moaiste lân fan de ierde: 'toch is er maar één landje, ’t is Friesland dat ik mis'. Der is ek in cd mei Fryske oersettingen fan Ede Staal. Yn 2002 binne fyftjin fan syn ferskes yn it Frysk bewurke troch Joop van Dijk en Sjoerd van der Leij.

Trefwurden: 
Ede Staal
(Advertinsje)
(Advertinsje)