Snitser sikehûsapoteek krijt kompliment foar stikkersysteem

De apoteek yn it Antonius Sikehûs yn Snits wurdt priizge foar de feilige wize wêrop't se pasjinten fan medisinen foarsjen. Se plakke op alle medisinen in barkoade. Troch dy koade te scannen, wol it Antonius safolle mooglik minsklike flaters mei medisinen foarkomme. Ut in rapport fan it ministearje fan Folkssûnens docht bliken dat der jierliks fyftich deaden minder binne troch medisinen te foarsjen fan in barkoade. De komplimenten foar Snits komme fan GS1, in organisaasje dy't oeral op de wrâld saken docht foar elektronyske kommunikaasje.
Op dit stuit ferstjerre der jierliks 100 minsken om't se yn it sikehûs de ferkearde medisinen krije. Ek rinne sa'n 250 minsken slimme sûnensskea op en hawwe sikehuzen sa'n 10.000 ûnnedige lisdagen troch minsklike flaters.
Seis jier lyn is it Antonius Sikehûs yn Snits úteinset mei automatisearring. Michiel Duyvendak, haad fan de apoteek hat doe fuort oanfrege om ek útein te setten mei software foar it better stikkerjen. "Ut passy foar wolwêzen woe ik dit systeem by ús yn de apoteek ha. Guon mominten tocht ik wol: "Wêr doch ik it foar? No wurde we priizge foar ús systeem, dat docht my hiel goed", sa sei Duyvendak.