Ald-wurknimmers Prins Dokkum krije mooglik hegere WW

05 apr 2017 - 16:20

Tritich wurknimmers fan it eardere fangrailfabryk Prins Dokkum krije mooglik in hegere WW-útkearing. Dat is it gefolch fan in útspraak fan de Centrale Raad van Beroep. Dy hat woansdei bepaald dat de útkearingen troch it UWV op 'e nij berekkene wurde moatte.
De wurknimmers fan Prins Dokkum staakten yn 2013, om't se it net iens wienen mei de oankundige sluting fan har fabryk. As gefolch dêrfan krigen se in tal dagen gjin lean en dêrtroch sakke har gemiddelde deilean. Oer dat deilean wurdt de WW-útkearing berekkene.

De Centrale Raad hat no bepaald dat it risiko op in legere WW-útkearing minsken net wjerhâlde mei om te staken. Oars soene se beheind wurde yn har stakingsrjocht. De staking fan 2013 hie gjin effekt, it fabryk gie wol ticht.

Trefwurden: 
WW Prins Dokkum staking lean
(Advertinsje)
(Advertinsje)