Ald-alvestêdewinner Jan van der Hoorn ferstoarn

Ald-alvestêdewinner Jan W. van der Hoorn út Ter Aar is ferstoarn. Hy is 93 jier wurden. Van der Hoorn waard by de alvestêdetocht fan 1947 eins fyfde, mar letter waard er as winner oanwiisd, om't de nûmers ien oant en mei fjouwer skrast waarden út de útslach. Troch it minne iis en de kjeld ha mar in pear minsken de tocht fan '47 útriden. Nei de finish kamen in soad protesten binnen. Nei ûndersyk waarden in protte reedriders skrast út de offisjele útslach.
Dêr wiene ek de earste fjouwer by: Jan Bosman, Klaas Schipper, Jeen Nauta en Jaap Wijnia. Tsjin Jan van der Hoorn waarden gjin protesten yntsjinne, dêrom waard hy dochs noch de winner. Van der Hoorn fûn himsels altyd de meast-net-ferneamde winner fan in alvestêdetocht, om't er nea op it poadium stie. Yn 1954 wie Van der Hoorn noch wer dield sânde.
Van der Hoorn hat ek de tochten fan 1985, 1986 en 1997 noch meidien, as toerrider. Yn novimber ferline jier is ek de neef fan Van der Hoorn - Jan J. van der Hoorn ferstoarn, dat wie ien fan de fiif winners fan 1956.