Sel easke tsjin Ljouwerter yn smokkelsaak Robin en Kelly

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
Tsjin in man fan 34 jier út Ljouwert is in selstraf fan fjouwer jier easke, omdat hy Robin en Kelly Neef út Ljouwert oerhelle hie om drugs foar him te smokkeljen fan Ekwador nei Nederlân. Broer en suster Neef waarden yn oktober 2012 pakt, doe't sy it Súd-Amerikaanske lân ferlitte woene mei twa kilo kokaïne yn de koffer. Sy sitte dêr no fêst yn ien fan de strangste finzenissen fan it lân. Kelly wie yn ferwachting doe't sy pakt waard, sy hat in soan krigen yn de finzenis.
Yn in Nederlânsk telefyzjeprogramma fertelde sy twa jier lyn dat sy in hege stúdzjeskuld hie en dat sy dêr ôf woe. Har broer woe har net allinnich gean litte. De 34-jierrige man út Ljouwert soe Robin en Kelly net allinnich oerhelle hawwe, ek in oare man fan 42 jier soe belutsen wêze. Syn saak waard oanhâlden, omdat syn advokaat siik wie. Op 18 april docht de Ljouwerter rjochtbank útspraak.