Boarnwerter bern binne topferkeapers bernepostsegels

05 apr 2017 - 15:59

De bern fan de kristlike skoalle Bernewird yn Boarnwert hearre by de top fan Nederlân as it giet om it ferkeapjen fan bernepostsegels. De learlingen fan groep 8 ferkochten gemiddeld foar mear as 400 euro, sa hat de stifting Kinderpostzegels Nederland bekend makke. De 24 bêst ferkeapjende skoallen fan Nederlân ha woansdei in skoalreiske oanbean krigen yn attraksjepark Duinrell yn Wassenaar. De topferkeapers wiene allinnich al goed foar in opbringst fan 110.000 euro. Oan de postsegelaksje dogge alle jierren sa'n 160.000 bern mei.

(advertinsje)
(advertinsje)