Bûkebeam is werom yn Park Vijversburg yn Tytsjerk

Yn Tytsjerk is woansdei begûn mei de ynrjochting fan de tún om it nije paviljoen fan Park Vijversburg hinne. It wurk hie eins twa jier lyn al klear wêze moatten mar troch falliseminten en oare problemen is in soad fertraging oprûn. De reade bûkebeam is foar de filla plante. Oer goed seis wiken moat it park klear wêze.
Yn it park is in paviljoen boud fan glêspanielen dat oan de renovearre filla komt. It is in ûntwerp fan arsjitekte Marieke Kums út Rotterdam en ferskate Japanske arsjitekten. It paviljoen moat it plak wêze foar eksposysjes en konserten.