Elkien en WoonFriesland sette minder hierders út hûs

05 apr 2017 - 15:24

Wenningkorporaasjes Elkien en WoonFriesland hawwe yn 2016 minder hierders út harren hûs sette moatten. Sa is it oantal hûsútsettings by Elkien omleech gien mei 29 persint. WoonFriesland sette yn 2016 fyftjin minsken minder út hûs en dat is in delgong fan 33 persint.

Aedes, de feriening fan korporaasjes, kaam woansdei mei in rapport wêryn stiet dat der lanlik 14 persint minder minsken út hûs set binne. Neffens Aedes is hierachterstân de wichtichste reden foar útsetting. Oare redenen binne oerlêst, ûnderferhier, weedteelt of leechstân.

In soad wenningkorporaasjes, lykas as Elkien en WoonFriesland, sitte boppe-op wanbetellers. Elkien begûn twa jier lyn mei in budzjetcoach. De budzjetcoach giet yn petear mei de hierders en helpt se mei de finânsjes. Sa wurdt de kans ek lytser dat de korporaasjes hierders út har wenning stjoere moatte.

Wol warskôget Aedes dat it oantal hûsútsettings wer omheech gean kin, om't der in soad mear meldingen komme fan oerlêst fan betize minsken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)