Bierfiltsje moat omtinken Den Haag foar Fryslân freegje

© Omrop Fryslân
Fryslân, it lân fan molke en wetter. It is ien fan de boadskippen dy't de provinsje woansdei ûnder de oandacht bringt fan polityk Den Haag. Deputearre Sander de Rouwe bea de Fryske keamerleden Harry van der Molen, Aukje de Vries en Isabelle Diks de earste bierfiltsjes oan, mei dêrop de Fryske winsken foar it nije kabinet. Op it filtsje wurdt oandacht frege foar Wetsus, de krimp, ekonomyske groei en in bredere slûs yn de Ofslútdyk.
Der wurdt ek ferwiisd nei de ûndersiken dêr't út bliken docht dat Friezen de meast gelokkige ynwenners fan de moaiste provinsje fan Nederlân binne. Op it stikje karton stiet ien Frysk wurd: Tsjoch! Op de oare kant stiet it logo fan LF2018, fan de Kulturele Haadstêd.