Lieske Salverda wint Grut Frysk Diktee 2017

05 apr 2017 - 18:39

Lieske Salverda (64 jier) út Gytsjerk hat it Grut Frysk Diktee 2017 wûn. Fan de 35 dielnimmers dy’t harren kwalifisearre hiene, kaam sy mei 7,5 flaters as bêste út de bus. Sy wie út 'e skroeven mei de útslach. "It ferbaast my. Ik fûn it makliker as oare kearen, mar wol lestich, want wat skriuwst mei in haadletter, en wat moat los of net? Mar ik bin der bliid mei. It wie in moai diktee, ien fan de bêste dy't we oant no ta hân ha."

De earste priis bestiet út in 'Gouden dakje' en in pinne mei ynskripsje. Twadde wie Agatha Hijlkema mei 8 flaters en op plak trije stiene trije minsken mei allegear 8,5 flaters: Freerk Postmus, Grytsje Kingma en Rikele Hollema.

Tet Rozendal

De tekst fan Tet Rozendal, mei as titel 'De Kening', gong oer de leafde tusken minske en hynder. De 'Kening' wie Jasper 366, it Fryske hynder dat earder dit jier it publyk by de hynstekeuring 'proastich stappend' fermakke. De dielnimmers oan it diktee hiene wol klauwen oan wurden as 'wilewaarlich' (1x in stomme r) , 'skjintme' (net mei ie, mar mei ji) en in sin as 'Yn de leafde moat men der oan de hoasbannen ta troch brûze, dwers troch it gat fan ’e gevel (rûch, lossinnich en wyld libje en yn ien kear raak!).'

Bekende Friezen

De froulju diene it goed dit jier want ek by de bekende Friezen wie it in frou dy’t wûn. Skriuwster Hilda Talsma makke it diktee it bêste mei 16 flaters. "Ik hie it net tocht, want de nije staveringsregels wit ik noch net sa goed, mar ik bin der hiel bliid mei."

Fierder diene ek parasportfrou fan it jier Alyda Norbruis, trûbadoer Frerik de Swetser, Tryater-akteurs Brecht Wassenaar en Romke Gabe Draaijer, presintator Willem de Vries alias Willem Wâldpyk, sjongeres Marit Talens en Omrop Fryslân-presintatrise Afke Boven dit jier mei oan it diktee.

Meidwaan

Foar de minsken dy’t harren net kwalifisearre hiene, of dy’t gewoan benijd binne nei hoe’t it Frysk skriuwen har fergiet, kin it diktee op Omrop Fryslân telefyzje, ynternet en fia de app folge wurde. Foar it earst kin live meiskreaun wurde fia de webside www.fryskdiktee.nl. Mar fansels kin ek – lykas de dielnimmers yn de Steateseal – ek mei pinne op papier meidien wurde.

De organisaasje fan it diktee lei yn hannen fan de Afûk, it Sintrum Meartaligens (Cedin), de Fryske Akademy, Omrop Fryslân en de provinsje Fryslân. It diktee waard fan ’t jier foar de fyftjinde kear hâlden; yn 2018 is der wer in edysje.

It Grut Frysk Diktee is woansdei 5 april te sjen op Omrop Fryslân telefyzje om 17.30 oere en wurdt werhelle om 19.30 en 21.30 oere.

Trefwurden: 
Grut Frysk Diktee
(advertinsje)