Dielnimmers Grut Frysk Diktee: "Ik koe net alle wurden"

05 apr 2017 - 18:44

Lykas alle jierren dienen ek wer bekende Friezen mei oan it Grut Frysk Diktee yn it provinsjehûs. By de pommeranten wie skriuwster Hilda Talsma de bêste mei 16 flaters. Twad waard Omroppresintatrise Afke Boven mei 18 flaters en tred aktrise Brecht Wassenaar mei 28,5 flaters.

Favoryt

Hilda Talsma is hiel bliid mei de oerwinning. Yn it foar waard se al as favoryt bestimpele. Nei ôfrin hie se fuort al in goed gefoel. “Ik fûn it in moai ferhaal dat Tet Rozendal skreaun hie, it ûnderwerp spruts my bot oan. Ik ha sels ek in Frysk hynder. Ik wist dat der flaters yn sieten, der wienen in pear wurden dêr’t ik noch noait fan heard hie en dan hopest mar datst dy goed skriuwst. Hiel beroerd gong it net, mar op in punt begûn ik te twifeljen en te skrassen, eins moatst dat net dwaan want dan bringst dysels yn de war.” Se seit te learen fan de makke flaters. “Dy sitte yn wol of net in haadletter, in trema en ek de nije staveringsregels ha ik noch net hielendal yn de macht.”

Leafde

Afke Boven raasde it suver út doe’t se hearde dat se twad wurden wie. Nei ôfrin hie sy ek al in goed gefoel. “Ik bin bêst wol wurch. It wienen sân sinnen, mar foar myn gefoel ha ik in hiel boekwurk skreaun. It fielt better as ik fantefoaren ferwachte hie. It wie minder dreech as oare diktees, dit wie wol te dwaan. Boppedat liet ik my hielendal meinimme yn it romantyske ferhaal oer de leafde foar in Frysk hynder. De leafde giet ommers boppe alles, sels boppe dakjes en streekjes,” laket de presintatrise dy’t op It Amelân berne is. “As Amelanner praat ik as in Wâldpyk, dat ha ik oan ús mem te tankjen. En ik bin troud mei in Drint. Us pake sei tsjin my ‘dat is noch altyd gjin Fries’ dus ik besykje dat no wat goed te meitsjen mei dit diktee.”

Fersûpe

Alyda Norbruis woe nei ôfrin net sizze hoefolle flaters oft se makke hie. “It fytsen giet my better ôf, eins is it om te gûlen, it liket nergens op. It wie wol switten, mar hartstikke leuk om mei te dwaan. It wie wol dreech. Ik ha besocht sa goed mooglik myn bêst te dwaan, mar ik fersûp yn al dy dakjes en streepkes.” De atlete die mei “om’t it soms goed is om út dyn comfortzone te stappen.” Yn it foar sei se “sân kleuren te skiten. Je kinne net altyd de winner wêze, dêr wurde je sterker fan." Mar se hat wol in moaie jûn hân.

En wêr wie Willem?

Willem ‘Wâldpyk’ de Vries doarde de útslach net yn it provinsjehûs ôf te wachtsjen, mar flechte mei ûnder oare sjonger Frerik de Swetser nei de kroech. Hoefolle flaters oft er hie, bliuwt geheim, mar “it wie yn alle gefallen gesellich!” Opfallend wie dat in soad jonge minsken meidienen oan it Grut Frysk Diktee, mei ûnder oare Tryater-akteurs Brecht Wassenaar en Romke Gabe Draaijer en bruorren Harmen en Sytze Brouwer.

It Grut Frysk Diktee is woansdei 5 april te sjen om 17.30 oere op Omrop Fryslân telefyzje en wurdt werhelle om 19.30 en 21.30 oere.

(advertinsje)
(advertinsje)